Wander Blaauw fynt krityk op heech ynkommen ûnterjochte

13 jun 2015 - 13:13

Skiedend soarchbestjoerder Wander Blaauw fan Zorgpartners Friesland fynt it spitich dat hy de skiednis yn giet as dy soarchbestjoerder dy't sa'n soad jild fertsjinne. En dat wylst ûnder syn lieding in grut part fan it Fryske soarchlânskip op it nivo kaam, dêr't it no stiet. Blaauw hat mei hast 4 ton sawat it heechste ynkommen fan alle soarchbestjoerders yn Nederlân.

Yn it ynterview dat René Koster makke foar radioprogramma Buro de Vries seit Blaauw dat er 4 ton net tefolle fynt.

Frijwillich minder fertsjinje soe neffens Blaauw, ôfset tsjin de grutte omset fan it MCL, in 'loos gebaar' wêze. Samar lean ynleverje kin ek net, fertelde Blaauw. "Ik heb ook een hypotheek."

Trefwurden: 
MCL Wander Blaauw ôfskie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)