Ljouwert hâldt it rekôr fan Serious Request

13 jun 2015 - 11:00

Ljouwert hâldt it rekôr as it giet om de opbringst fan it glêzen hûs fan radio 3FM. Dy konklúzje falt te lûken út in artikel fan de NRC. Dy meldt sneon dat de opbringst fan de Serious Request-aksje fan ferline jier yn Haarlim nei ûnderen bysteld is. Yn earste ynstânsje waard der fan út gien dat dêr 12,4 miljoen ophelle wie, mar dat is yntusken mei hast fjouwer ton nei ûnderen bysteld.

Yn Ljouwert waard yn 2013 12,3 miljoen ophelle en dat bliuwt sadwaande it rekôr fan Serious Request oant no ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)