Fryske bedriuwen wurkje oan ynnovaasjesintrum

13 jun 2015 - 10:35

In tal grutte bedriuwen yn Fryslân wurket oan de oprjochting fan in ynnovaasjesintrum. Undernimmers en studinten krije dêr de romte om nije produkten te ûntwikkeljen út produkten en ôffal fan de lânbou, feefokkerij en yndustry. It sintrum moat op 1 jannewaris aktyf wurde. Wêr't it komt is noch net dúdlik.

It idee komt fan ôffalferwurker Omrin. Dat hat ûnder oare Paques, Wetsus yn Ljouwert en EcoStyle fan Easterwâlde hjir entûsjast foar krigen. Om ynspiraasje op te dwaan hawwe de bedriuwen nei de universiteit fan Boston west.

Yn Boston wurde studinten al bot belutsen by de ûntwikkeling fan nije produkten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)