77-jierrige dielnimmer oan autopetronde om Iselmar

13 jun 2015 - 10:28

Oan de Iselmar autopetronde docht dit jier in bysûndere dielnimmer mei. De 77-jierrige Gerrit Wester docht de tocht fan 245 kilometer om de Iselmar hinne net op de autopet, mar yn in skootmobyl. Gerrit Wester wie yn 1954 sels ien fan de betinkers fan de tocht, mar hy hat him sels noait dien. No is hy te âld om op de autopet te stappen, mar mei de scootmobyl slagget it ál.

Freedtenacht om 4 oere binne hy - en de trije dielnimmers oan de tocht - úteinset yn Kampen. En neffens Marcel de Boer fan de organisaasje giet it goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)