Oerol-festival Skylge iepenet mei jubileum Waadferiening

12 jun 2015 - 20:37

Op in smoardrok én smoarhjit Skylge is freed de 34ste edysje fan it teaterfestival Oerol úteinset. Fan de 100.000 kaartsjes wiene 67.000 yn it foar útferkocht, in rekôr seit de organisaasje. By de iepening fan it festival waard stilstien by it 50-jierrich jubileum fan de Waadferiening. Ien fan de oprjochters fan de feriening krige it jubileumboek oer de Waadferiening oanbean. Oerol duorret noch oant en mei 21 juny.

De Waadferiening fynt Oerol belangryk, om't it minsken belûkt by it Waad.

Dat is ek de wize hoe't de Waadferiening harren jubileumaktiviteiten oanpakke wol dit jier. Fan septimber ôf organisearret de Waadferiening op seis plakken foarstellingen: op trije waadeilannen en op trije plakken lâns de kust.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)