Feteranedei kin kommende fjouwer jier trochgean

12 jun 2015 - 19:40

De Fryske feteranedei is foar de kommende fjouwer jier feilich. De provinsje fynt de feteranedei sa wichtich dat der oant en mei 2019 jierliks 30.000 euro beskikber is. Dat sil kommissaris fan de Kening John Jorritsma hjoed sizze op de moetingsdei foar Fryske militêren. De provinsje naam de finansiering fan de feteranedei fjouwer jier ferlyn oer fan de gemeenten.

Trefwurden: 
provinsje feteranedei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)