'Taskforce foar ûntsleine meiwurkers FrieslandCampina'

12 jun 2015 - 18:51

Der moat in taskforce komme om de ûntsleine minsken by suvelbedriuw FrieslandCampina wer oan it wurk te helpen. Dat wol ChistenUnie Twadde Keamerlid Carola Schouten. De ministearjes fan Ekonomyske en Sosjale Saken moatte de taskforce oprjochtsje. Der moat dan sjoen wurde nei hoefolle banen der beskikber binne en yn hokker kânsrike sektoaren de minsken wer oan it wurk kinne.

Yn Ljouwerter ferdwine 145 banen by FrieslandCampina, yn Beilen ferdwine der 230.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)