Skea nije skoalle Sint-Anne troch fernielings

12 jun 2015 - 14:46

De plysje hat fiif jonges oanhâlden foar fernielings yn de nije skoalle fan Sint-Anne. De jonges yn de leeftiid fan 15 oant 17 jier binne tongersdeitemoarn betiid it gebou yn gien en hawwe plafonplaten en kezinen fernield. Der waard op dat momint noch folop oan de skoalle oan de Harman Sannestrjitte wurke. De skoalle is freed oerdroegen oan it skoallebestjoer.

Mei help fan kamerabylden koe de plysje de fiif oanhâlde. Se hawwe bekend dat se ferantwurdlik binne foar de fernielings. Der is proses-ferbaal tsjin harren opmakke.

Yn oerlis mei it Iepenbier Ministearje wurdt besjoen wat der mei de jonges barre moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)