Himpteler frijsprutsen fanwege 'ûnrjochtmjittich bewiis'

12 jun 2015 - 14:04

In Drachtster (25) is tongersdei troch de rjochtbank yn Ljouwert frijsprutsen fan himpteelt, omdat de plysje ûnrjochtmittich oan bewiis kaam wie. De 171 himpplanten waarden yn desimber 2013 ûntdutsen by in ynfal yn it hûs fan de Drachtster. Dat die de plysje nei in anonime tip by de wykagint.

Neffens de rjochter hie de plysje dizze ynformaasje earst kontrolearje moatten. It bewiis dat by de ynfal fûn is, is dêrom ûnjildich ferklearre en de man frijsprutsen. Advokaat Tjalling van der Goot fan de fertochte fynt de útspraak 'opmerklik'.

De Hege Ried hat koartlyn noch in kear sein dat it útsluten fan bewiis yn dit soarte fan gefallen net oan de oarder is. Van der Goot hopet no dat ek de Hege Ried in omslach meitsje sil.

Anker en Anker

Trefwurden: 
himp frijspraak himpteler
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)