Urgenda neamt Fryske ûndernimmers 'opmerklik grien'

12 jun 2015 - 13:36

"Fryske ûndernimmers tinke opmerklik 'grien'". Dat seit Marjan Minnesma, direkteur fan Urgenda, in lanlike organisaasje foar duorsumens en ynnovaasje. Minnesma presintearret freed op in spesjale konferinsje yn de Ljouwerter Harmonie in ûndersyk nei in duorsume Fryske ekonomy.

De útkomsten binne posityf. Der is yn Fryslân in soad animo ûnder bedriuwen en yn de polityk om griener te wurkjen. Minnesma doelt dan benammen op it mêd fan recycling: in soad ôffal kin op 'e nij brûkt wurde as grûnstof.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)