Grutte ferbouwing Medysk Sintrum Ljouwert

12 jun 2015 - 11:15

Sikehûs MCL yn Ljouwert wurdt de kommende jierren yngreven ferboud. Sa sil der mear romte komme foar de operaasjekeamer en de spoedeaskjende help. Ek binne der plannen foar de bou fan kreamkeamers oan de foarkant fan it sikehûs. De ferbouwing kostet tsientallen miljoenen euro's. Dat jild komt beskikber trochdat it MCL mei soarchfersekerder De Friesland in mearjierrige oerienkomst tekene hat oer it soarchoanbod.

Hjirtroch kin it MCL by de banken in liening ôfslute.

Hoe't de ferbouwing der krekt út komt te sjen wurdt de kommende tiid bepaald. Oan de hân fan dy plannen nimt de direksje oan de ein fan dit jier in definityf beslút. Yn 2016 giet by it Ljouwerter sikehûs de skeppe yn de grûn.

Trefwurden: 
MCL ferbouwing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)