Doarpshuzen gemeente Hearrenfean krije OZB-belesting werom

12 jun 2015 - 10:37

Doarpshuzen en multifunksjonele akkommodaasjes yn de gemeente Hearrenfean krije de OZB-belesting dy't se betelje wer werom. Dat stiet yn in moasje fan CDA, PvdA, VVD, FNP en ChristenUnie dy't tongersdei oannaam is yn de gemeenteried. De partijen fine dat de doarpshuzen en MFA's sa wichtich binne dat se finansjeel stipe wurde moatte.

Hielendal no't minsken harsels mear rêde moatte, wurde dizze foarsjennings noch wichtiger. Der komt gjin frijstelling fan de OZB, mar it jild dat de doarpshuzen en MFA's hjirfoar betelje komt wer werom.

Trefwurden: 
Hearrenfean OZB doarpshûzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)