B. en w. Ljouwert: biblioteek yn 2017 nei Blokhûspoarte

12 jun 2015 - 10:20

De bibleteek fan Ljouwert ferhuzet yn 2017 nei de Blokhúspoarte. Dat is alteast it plan fan it Ljouwerter kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Dy hat de ôfrûne tiid yn gearwurking mei de Stichting Bibliotheken Midden-Fryslân ûndersyk dien nei gaadlike lokaasjes foar de biblioteek. Dêr kaam de Blokhúspoarte as bêste út.

It kolleezje tinkt dat troch de miks fan kultuer, rekreaasje en toerisme de eardere finzenis in ynspirearjend plak foar de biblioteek wêze kin. De gemeenteried mei der meikoarten noch oer te set.

Trefwurden: 
biblioteek Blokhúspoarte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)