Bestelbus kantele op de Wâldwei

12 jun 2015 - 09:32

Op de Wâldwei by Drachten is freedtemoarn in bestelbus kantele. Troch it ûngelok hawwe twa rydstroken in skoft ticht west. Ferkear dat fanút de rjochting Ljouwert kaam en rjochting Drachten woe, moast dêrtroch rekken hâlde mei fertraging.

De sjauffeur, in 34-jierrige man út Apeldoorn, is by it ûngelok ferwûne rekke. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Tsjinoer de plysje hat de man ferklearre dat de motor útfallen is. Dêrtroch is it stjoer blokkearre en it buske kantele.

Trefwurden: 
Drachten Wâldwei bestelbus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)