Hjerringpartij sûnder hjerring yn Ysbrechtum

11 jun 2015 - 23:43

Der wie gjin hjerring te bekennen, mar dat die neat ôf oan de wille fan de besikers fan de jierlikse 'Fryske Hjerringpartij' by lânhûs Epema State yn Ysbrechtum. Sa'n 200 sakeminsken en bestjoerders genieten dêr yn de tún fan it iten en it sintsje. Jan van der Linden, adviseur-akkountant by Deloitte joech de ôftraap foar de gearkomste.

Hy rôp de dielnimmers op om harren net eksklusyf op te stellen, mar gear te wurkjen, te ferbetterjen en te fernijen om sa de Fryske ekonomy nei in heger plan te tillen.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer wie der ek en prate mei Johan Boesjes, manager fan Epke Zonderland, Biense Dijkstra fan boubedriuw Dijkstra Draisma, boargemaster Gerard van Klaveren fan Westellingwerf en ien fan de organisatoaren, adviseur-akkountant Jan van der Linden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)