Sinjalemint oerfaller fan 70-jierrige frou út Snits bekend

11 jun 2015 - 13:42

De plysje hat noch gjin fertochte yn it fizier foar de oerfal op in frou fan 70 jier út Snits. It slachtoffer wennet op in wenark. Dêr is se in wike lyn oerfallen en mishannele. De frou moast yn it sikehûs behannele wurde oan har ferwûnings.

De plysje hat yntusken in sinjalemint fan de fertochte: in man mei in opfallende trui mei reade flakken. De man wie blank, prate Nederlânsk en hie blond of rossich hier.

Trefwurden: 
Snits oerfal sinjalemint
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)