Omtinken foar meartaligens yn sikehûs Nij Smellinghe

11 jun 2015 - 13:08

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten en de Afûk sille gearwurkje om jonge âlden te ynformearjen oer it meartalich grutbringen fan harren berntsje. Bern dy't op jonge leeftiid mear as ien taal leare hawwe neffens ferskate ûndersiken dêr letter in soad foardiel fan.

Taal yn it sikehûs krijt mear omtinken. Meiwurkers fan Afûk en Praat mar Frysk diele dêrom buttons en oar promoasjemateariaal út oan meiwurkers fan it sikehûs.

Meiwurkers kinne dêrmei sjen litte dat de pasjint ek Frysk tsjin harren prate kin. De fernijde webside heitenmem.nl moat soargje foar ynspiraasje oer meartalich opfieden fan bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)