Unwis oft suksesfolle koprinnersprojekt wol ferfolch krijt

11 jun 2015 - 12:29

It koprinnersprojekt, dat is in provinsjaal inisjatyf dat bedriuwen en organisaasjes oanset en helpt by it duorsum meitsjen fan harren produkt of wurk , is in sukses. Dochs is it de fraach oft it projekt in ferfolch krijt. Der dogge al 300 bedriuwen en organisaasjes mei oan koprinners, mar it projekt rint ein dit jier ôf.

De bal leit no dus by de provinsje. Deputearre Schrier sil beslute oft der nochris provinsjaal jild ynstutsen wurde sil. Hy fynt it in goed projekt, mar fynt ek dat it bedriuwslibben sels mei in bydrage komme moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)