Fytsedief trappearre mei help fan lokfyts

11 jun 2015 - 10:55
Foto: ANP XTRA

In 14-jierrige jonge út Ljouwert is woansdeitejûn oppakt foar fytsestellerij. De jonge waard betrape yn de Boeierstrjitte yn syn wenplak. Dêr fytste er op in lokfyts. Hy hie it slot fernield om de fyts meinimme te kinnen.

De plysje set geregeld lokfytsen yn om sa dieven betraapje te kinnen.

Trefwurden: 
stellerij fytsedief lokfyts
(Advertinsje)
(Advertinsje)