Frouljusfuotbal yn de lift, benammen yn Driezum

11 jun 2015 - 10:21

Mei it WK fuotbal foar froulju en de Oranje liuwinnen sit it frouljusfuotbal yn de lift. Yn Fryslân rint Driezum foarop, want by fuotbalklup VIOD fuotbalje mear froulju an manlju. Troch te ynvestearjen yn kwaliteit fan training en publisiteit is it de klup slagge om dames 1 yn de haadklasse te krijen. Dit jier binne se krekt promoasje nei de topklasse misrûn.

De fasiliteiten foar de froulju binne sa dat sels froulju út Ljouwert en fierder nei Driezum reizgje om te fuotbaljen. Driezum hat ek in spesjaal talinteteam.

Om better te wurden fuotbalje de famkes en de froulju in soad tsjin manlju. Yn de haadklasse reizget Dames 1 fan VIOD it hiele lân troch. Se moatte yn trochsneed fiif kear yn 't jier rjochting Rotterdam om dêr te fuotbaljen.

Trefwurden: 
fuotbal famkes Driezum VIOD
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)