Mear kâns op wurk 50-plussers

10 jun 2015 - 19:15

Binne jo boppe de 50 en ha jo gjin wurk? Dan is der no hoop. Dat seit it UWV. De lêste fjouwer moannen is it tal 50-plussers dat in baan krigen hat bot tanommen. Ein april dit jier wiene der dik 200.000 mei in WW-útkearing, dat binne der 26.000 minder as ferline jier. En boppedat is de ferwachting dat dizze positive trend trochset. Benammen yn de detailhannel en de tsjinstferliening dogge de 50-plussers it goed. Jan Huygen fan UWV Fryslân merkt dat 50-plussers somstiden negatyf binne, mar neffens him binne de sifers posityf.

Trefwurden: 
wurk UWV 50-plusser
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)