Gjin Fryske winner by Jonge Undernimmerspriis

10 jun 2015 - 13:55

Corné van Willigen fan Hi-Fi Corner BV út Grins hat woansdei de 14e edysje fan de Jonge Undernimmerspriis wûn. Oan de finale dienen ek twa Friezen mei: Grytsje de Jong van Morris Solutions yn Aldhoarne en Jelmer Spijksma van Or-Quest yn Drachten.

De sjuery neamde Van Willigen in moderne Pietje Bel troch mei syn bedriuw de konkurrinsje oan te gean mei grutte winkelketens. De klant stiet neffens de sjuery echt foarop by Van Willigens bedriuw. De winner krijt 10.000 euro, in ûndernimmerscoach en in finansjele scan fan syn bedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)