FNP en GemeenteBelangen boykotte ried yn Ljouwerteradiel

10 jun 2015 - 13:39

De fraksjes fan FNP en GemeenteBelangen yn Ljouwerteradiel komme dizze tongersdeitejûn net nei de riedsfergadering. Healwei de lêste riedsgearkomste binne de leden de seal útrûn nei in konflikt mei it kolleezje fan b. en w. oer de plannen foar in spoarfyts by Jelsum en Stiens.

It kolleezje wol dêr in fyts- en kuierpaad oanlizze. GemeenteBelangen en FNP binne foarstanner fan de komst fan in spoarfytstrajekt. It foarige kolleezje hie dêr al tasizzings oer dien, mar it nije kolleezje hat eigen plannen mei it trajekt.

FNP en GemeenteBelangen fiele har yn de diskusje net serieus naam en wegerje no te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)