Plysje yn Drachten siket stellen munten en sieraden

10 jun 2015 - 13:25

De plysje docht in oprop op sosjale media om sa stellen guod út in wenning oan de Einekroas yn Drachten werom te finen. By de ynbraak binne ûnder oaren in muntesammeling, in gouden ring, sulveren hinger mei ketting en in gouden bûsehorloazje weinaam.

De stellerij hat ein maaie, yn it wykein fan 29 op 30 maaie, plakfûn.

Op de webside fan de plysje steane de de foto's fan de stellen sieraden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)