Archeologysk ûndersyk yn terp Hegebeintum úteinset

10 jun 2015 - 13:00

Yn de terp fan Hegebeintum wurdt fan woansdei ôf ûndersyk dien. It is bysûnder dat der in dwerstrochsneed makke wurdt fan terpegrûn. De terp fan Hegebeintum is 8 meter heech en dat makket it ynteressant foar archeologen. De measte terpen hawwe in hichte fan sa'n 5 meter.

Undersikers sille mei spesjale boarkearnen nei in djipte fan 9 meter djip boarje. Se hoopje dat der archeologyske fynsten út 300 foar Kristus dien wurde. It ûndersyk wurdt dien om't de Stichting Alde Fryske Tsjerken de terptsjerke fersterkje wol mei betonpeallen.

Foardat de wurksumheden begjinne meie, moat der ferplicht archeologysk ûndersyk dien wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)