Ald-PVV'er Jitske Eizema begjint eigen partij

10 jun 2015 - 10:13

It eardere PVV-steatelid Jitske Eizema is mei de Fryske Frijheits Partij in nije fraksje begûn. Se waard tiisdei út de fraksje fan de PVV setten, nei't se yn de media oanjûn hie dat de fraksje har it wurkjen net langer mooglik makke. Eizema stie mei de steateferkiezings 7e op de list, mar waard mei foarkarstimmen yn de 4 minsken tellende fraksje keazen.

Se seit yn in reaksje it 'sneu en triest' te finen dat se út de PVV setten is, mar is ek ferromme dat se no oan de slach kin. De PVV hie der op oantrune dat se har sit weromjaan soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)