PVV set Eizema út de steatefraksje

10 jun 2015 - 00:25

De PVV steatefraksje seit it fertrouwen op yn ien fan harren eigen steateleden: Jitske Eizema. Dat makke fraksjefoarsitter Max Aardema tiisdeitejûn bekend. Neffens him is der ûnwurkbere situaasje ûntstien en is har byld fan de werklikheid oars as dat fan de rest.

Eizema is út de fraksje setten. De PVV wol dat se har sit werom jout.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)