Soargen oer seegat tusken It Amelân en Skiermûntseach

09 jun 2015 - 19:52

Der komt in ûndersyk nei de trochfeart fan it Westgat nei de haven fan Lauwerseach. It ûndersyk rjochtet him op de ferwachte ûntwikkeling fan geulen, de oarsaken fan it ûndjipper wurden en wat je dêr oan dwaan kinne. Sawol Rykswettersteat, de haven fan Lauwerseach, de provinsje Grinslân en gemeente de Marne binne hjirby belutsen.

Fiskers freegje al langer om sa'n ûndersyk. It Westgat is it seegat tusken It Amelân en Skiermûntseach. Omdat it in beskerme natoergebiet is, mei hjir net samar yngrepen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)