Deputearre Steaten: Pas letter prate oer bydrage oan omrop

09 jun 2015 - 18:57

Deputearre Steaten fan Fryslân wolle net meikoarten, mar pas yn 2016 mei Provinsjale Steaten prate oer de takomst fan Omrop Fryslân. Neffens Deputearre Steaten is it fan belang dat earst steatssiktaris Sander Dekker en de Twadde Keamer har útsprekke oer it plan fan ROOS (de organisaasje fan regionale omroppen) foar in nije regionale omrop.

Neffens dat plan soe Omrop Fryslân yn 2017 mei RTV Noord en RTV Drenthe opgean moatte yn ien 'kluster noard'. De provinsje fynt dat Omrop Fryslân selsstannich bliuwe moat.

De provinsje is ree om in mearjierrige provinsjale bydrage te leverjen oan Omrop Fryslân, mar ek dêroer komt pas yn 2016 mear dúdlikheid. De Twadde Keamer is earst oan set, sa skriuwe Deputearre Steaten oan alle politike partijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)