Grutte oersetaksje foar Frysk op Google Translate

09 jun 2015 - 16:19

Yn septimber komt der in grutte aksjewike om it Frysk op de oersetapp en oersetwebsite Google Translate te krijen. De provinsje Fryslân en ferskate Fryske organisaasjes wolle fan 21 oant en mei 26 septimber mei safolle mooglik minsken wurkje oan it oersetten fan Ingelske sintjes en teksten yn it Frysk.

Omdat der in hiel soad tekst oerset wurde moat hopet de provinsje op stipe fan alle Friezen dy't aardich Frysk skriuwe kinne. It Frysk op Google Translate is in inisjatyf fan âld-meiwurker Anne Dykstra fan de Fryske Akademy.

Neffens de provinsje Fryslân en de Fryske Akademy is it fan grut belang dat it Frysk fertsjintwurdige is op digitale platfoarms as Facebook, Wikipedia en Google Translate. Allinnich talen dy't oanwêzich binne op sokke platfoarms hawwe in goeie kâns om te oerlibjen, tinke de taalsosjologen. As it Frysk ienkear wurket op Google Translate wurdt it mooglik om Fryske teksten oersette te litten yn tsientallen talen lykas it Spaansk, Japansk en Russysk en oarsom. Oant no ta binne noch mar in pear minderheidstalen beskikber op Google Translate, lykas it Baskysk, it Katalaansk en it Wels.

Meidwaan oan de oersetaksje kin fia de webside fan Google.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)