Ljouwerter dief slacht winkelmeiwurker yn it gesicht

09 jun 2015 - 11:06

Trije Ljouwerters fan 25, 26 en 27 jier binne moandeitejûn oanhâlden foar stellerij mei geweld. Ien fan de manlju waard troch in 23-jierrige meiwurker fan in winkel oan it Cambuurplein op 'e died trapearre.

Doe't de man te hearren krige dat de plysje ynskeakele wurde soe, waard hy agressyf en sloech de meiwurker yn it gesicht. Ut kamerabylden die bliken dat de twa oare manlju ek by de stellerij belutsen wiene. It trio sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)