Partij voor de Dieren: "nea wer guozzen fergasse"

09 jun 2015 - 10:27

De Partij voor de Dieren Fryslân fynt dat der nea wer guozzen fergast wurde meie. De fraksje hat mei 'afschuw' de bylden sjoen fan it fergassen fan de fûgels, ferline wike freed yn Nasjonaal Park De Alde Feannen by Earnewâld.

Neffens de fraksje hat it opjeien fan de guozzen laat ta in soad stress en panyk ûnder de bisten en harren jongen. Guon guozzen binne yn dy panyk yn de fangkoai fertrape. It eksperimint is yn de eagen fan de fraksje mislearre. Dy wol der dan ek gjin ferfolch oan jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)