Fertochte fallisemintsfraude bliuwt langer fêstsitten

09 jun 2015 - 10:23

De 55-jierrige bou-ûndernimmer út de gemeente Ljouwert dy't freed oppakt is foar fallisemintsfraude, bliuwt noch twa wiken langer fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommisaris moandei besletten.

Ek binne moandei yn it fraude-ûndersyk nochris fjouwer minsken oppakt: in 46-jierrige frou út de gemeente Hearrenfean, in 54-jierrige frou út Appingedam, in 54-jierrige man út Noordenveld en in man fan 71 út de gemeente Opsterlân. Sy wurde beskuldige fan meardere fertochte falliseminten. Yn totaal soe it gean om in wearde fan 2,5 miljoen euro.

It Iepenbier Ministearje (IM) tinkt dat de fertochten it fallisemint yn it foar opset hawwe troch opsetlik gjin faktueren mear te stjoeren en sa op in ûndergong fan in bedriuw oan te stjoeren.

Yn ferbân mei it ûndersyk hat de FIOD seis wenningen trochsocht yn Ljouwert, Tytsjerksteradiel, Opsterlân, Appingedam, Noordenveld en It Hearrenfean. Ek is beslach lein op administraasje, bankrekkens, boaten en auto's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)