Dei yn Drachten oer helpmiddels foar fisuele beheinings

09 jun 2015 - 09:01

De stichting Bartiméus organisearret yn gearwurking mei de Groene Kruis Winkel en Slechtziend.nl in helpmiddeldei yn Drachten. Belangstellenden kinne hjir de nijste snufkes en helpmiddels foar minsken mei in fisuele beheining útprobearje.

De stichting Bartiméus hopet mei dizze dei dat minsken ek mear begryp krije foar minsken mei in fisuele beheining. Ien fan de opsjes is dat minsken in swarte bril drage en in stok en dan ûnderfine kinne wat bline minsken meimeitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)