Soad fragen op ynformaasjejûn oer azc yn Snits

08 jun 2015 - 22:16

De komst fan in azc op it eardere sportpark Noarderhoek yn Snits smyt noch in soad fragen en argewaasje op. Dat die moandeitejûn bliken op in ynformaasjejûn fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Goed 500 minsken kamen dêr op ôf.

De gemeente en it COA wolle op de eardere sportfjilden in azc bouwe foar 600 minsken. It giet dan om Syryske húshâldings en flechtlingen út Eritrea. Omwenners binne benammen benaud foar oerlêst en harren feiligens. Fierder freegje se har ôf oft der wol foldwaande romte is foar safolle minsken.

Neffens it COA is der mear as genôch romte en sil der goed tasjoen wurde op de feiligens. Boargemaster Hayo Apotheker hâlde noch in emosjoneel pleit om de asylsikers net te beskôgjen as 600 kriminelen dy't nei Snits komme, mar as minsken dy't in feilich wenplak nedich hawwe. De gemeente nimt tiisdei it beslút om de plannen fierder út te wurkjen. De earste asylsikers wurde begjin 2016 yn Snits ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)