Wykbewenners ûnderhâlde sels iepenbiere grienfoarsjennings

08 jun 2015 - 20:15

It grienûnderhâld fan de wiken Heechterp-Schieringen en Bilgaard yn Ljouwert wurdt sûnt moandei sels dien troch de bewenners. Dit hawwe sy moandeitemiddei ôfpraat mei de gemeente. De wykbewenners moatte no de gemeentestrúkjes snoeie, it gers meane en ôffal opromje. Ynwenners dy't dat dogge krije in frijwilligersfergoeding fan de gemeente fia bewennersbedriuwen fan dy wyk. Sa kinne de bewenners wat byfertsjinje.

Heechterp-Schieringen en Bilgaard binne de earste wiken yn Ljouwert dêr't it eksperimint dien wurdt.

As alles de kommende tiid goed ferrint, besjocht de gemeente oft it yn mear wiken ek mooglik is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)