Bousektor siket jong talint yn Easterwâlde

08 jun 2015 - 16:09

De bou hat wer jonge minsken nedich. It giet betiden om in oar slach minsken as de tradisjonele boufakker. Mei dat boadskip reizget de bousektor in wike lang it hiele lân troch. Dy reis begûn moandei yn Easterwâlde by it Stellingwerf kolleezje. Foarsitter Maxime Verhagen fan Bouwend Nederland joech it startsein op it skoalplein.

De VMBO-skoalle fan Easterwâlde rint in jier foarút op in nije wurkwize foar de bou. Under de jongeren liket hjir wol animo te wêzen, no't it perspektyf op wurk wer wat better liket.

Trefwurden: 
bou bousektor boubus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)