Skûtsjeskipper De Vries ferwûne by Slach om Heech

08 jun 2015 - 15:01

Skipper Gerrit de Vries fan it skûtsje mei deselde namme is snein slim ferwûne rekke by de sylwedstryd Slach om Heech. It skûtsje út de C-klasse waard rekke troch B-klasser Eenvoud. De Vries krige in klap fan de gyk en sloech oerboard. Taskôgers skeaten fuortendaliks te help en koene him út it wetter rêde.

De organisaasje hie ferplichte dat de bemanning swimfesten oan hie. Dit hat nei alle gedachten De Vries syn libben rêden. Yn it sikehûs die bliken dat hy swier rêchletsel oprûn hat, mar der is neat brutsen.

It giet nei omstannichheden ridlik mei De Vries. Hy is wol bot stiif en alles is dik en blau.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)