Martin van Rijn besjocht soarchferoarings op It Hearrenfean

08 jun 2015 - 14:38

Hy kaam net út Den Haach op 'e fyts, mar steatssiktaris Martin van Rijn fytste moandei wol troch It Hearrenfean. De steatssiktaris fan folkssûnens brocht de besite om te besjen hoe't alle feroarings yn 'e soarch op It Hearrenfean útpakke.

Boargemaster Van der Zwan en wethâlder Zoetendal ûntfongen Van Rijn op it gemeentehûs. Van Rijn gie ek op besite by in soarchkliïnt, en yn petear mei minsken dy't by de soarch beslutsen binne. It grutste part fan de besite wie achter sletten doarren.

De steatssiktaris sil de kommende tiid op mear plakken op besite om it effekt fan de feroarings yn 'e soarch te besjen. Hearrenfean is de earste gemeente yn in searje.

Trefwurden: 
soarch Martin van Rijn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)