Sûne lunsj op basisskoalle yn Suderbuorren

08 jun 2015 - 13:53

Nei alle omtinken foar in sûn moarnsbrochje wurdt no op skoallen ek hieltiid mear nei in sûne lunsj sjoen. Iepenbiere basisskoalle De Wynwizer yn Ljouwert hâldt dêrom dizze wike yn gearwurking mei opfangorganisaasje 'Sinne' de aksje 'De gedekte tafel'. Wethâlder Thea Koster die de ôftraap en iet ek sels in brochje mei.

It inisjatyf om tusken de middei mei-inoar farske bôle te smarren en sûn te iten, slút oan by de trend dat de measte skoalbern hjoed-de-dei de hiele dei op skoalle bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)