Frou út Akkrum komt om it libben by tintebrân yn Sweden

08 jun 2015 - 13:42

In frou fan 56 jier út Akkrum is ferline wike yn de nacht fan tongersdei op freed tegearre mei in freon troch brân omkaam op in kamping yn it suden fan Sweden. De twa leinen yn in tinte te sliepen op in kamping by it Sweedske Höganäs, doe't dy yn brân fleach. Nei alle gedachten hawwe se de tinte opwaarmje wollen mei help fan in propaankachel, mar dy te ticht by it tinteseil set.

De helptsjinsten koene neat mear foar de twa dwaan.

Trefwurden: 
brân Akkrum tinte Sweden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)