Plysje is wiis mei de dashcam

08 jun 2015 - 12:36

De plysje is bliid dat hieltyd mear minsken in saneamde dash-cam yn de auto ynstallearje. In dashcam is in lytse kamera dy't op it dashboard fan de auto monteard wurdt en dy't alles registearret wat der foar de auto bart. No al brûke sa'n 10.000 automobilisten yn Nederlân sa'n kamera en dat oantal groeit hurd.

In goeie saak, seit plysjewurdfierder Dirk Anema. De bylden kinne brûkt wurde by ûndersiken wannear't der in ûngelok pakfûn hat, mar jilde net altyd as bewiis.

Trefwurden: 
plysje kamera dashcam dashboard
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)