Ofskied fan skoalle Aldwâld mei reüny

07 jun 2015 - 10:38

Yn Aldwâld is sneontemiddei mei in slutingsreüny foar learlingen, âld-learlingen, juffen en masters en âld-personielsleden ôfskie naam fan de iepenbiere basisskoalle Van Heemstra. De skoalle is boud yn 1581 boud en dêrmei de âldste basisskoalle fan Nederlân.

Underwiis-stichting Roobol slút de skoalle om't der takom skoaljier te min learlingen les krije soene. Guon reünisten fine it spitich dat de skoalle nei safolle jierren slút, mar begripe ek dat mei in te lyts tal learlingen lesjaan dreech en djoer wurdt.

Yn Aldwâld kinne bern foar basisûnderwiis nei de fakânsje allinnich noch nei de kristlike basisskoalle De Tarissing.

Trefwurden: 
basisskoalle Aldwâld Roobol
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)