Oane Galama wint fierljeppen yn Winsum mei seizoenrekôr

07 jun 2015 - 00:54

Oane Galama hat yn Winsum it fierljeppen wûn mei de fierste ôfstân fan it seizoen: 20.87. Yn de bêste wedstriid oant no ta bleau Galama dêrmei Bart Helmholt foar, dy't yn 'e finale mei 20.52 it sulver pakte. Thewis Hobma waard tredde mei 19.97, dyselde ôfstân sette Alwin Fonk del. Foar Fonk wie dat in nij pr. Sytse Bokma pakte de winst by de junioaren mei 18.46. By de froulju gie de titel nei Marrit van der Wal (15.33) en by de jonges wie Jos Bethlehem de sterkste mei in pr fan 15.88. Sigrid Bokma wûn yn de finale by de famkes mei 14.64.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)