Hurdfytser Sven Kramer wint yn Roden

07 jun 2015 - 00:30

Sven Kramer hat yn de Lus fan Roden it ûnderdiel puntekoers wûn, ûnderdiel fan de klupkompetysje. De reedrider, as hurdfytser aktyf foar de NWVG (Grins), naaide út it peloton en pakte sa de measte punten.

Kramer pakte 56 punten en wie sa fierwei de bêste. Jim Lindenburg waard twadde mei 23 punten, Jordi Talen waard mei 21 punten tredde. Yn it kritearium gong de winst nei Robbert-Jan Mol. Snein stiet de klassiker de Acht van Noordenveld op it programma.

Trefwurden: 
Sven Kramer hurdfytsen Roden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)