Yn Dronryp wurdt snein de earste Grand Slam-wedstryd yn it keatsen foar manlju ferkeatst. Der binne trije Grand Slams yn it libben roppen. It keatsbûn KNKB hopet op dy wize mear omtinken foar it keatsen te krijen en mear publyk nei it fjild te krijen. Oan de partij docht net it gebrûklike oantal fan acht partoeren mei. Yn Dronryp steane snein tolve partoeren op de list. De keatspartij yn Dronryp, de Eise Eisingapartij, begjint om 11 oere.