Provinsje wol grienere bedriuweterreinen

05 jun 2015 - 22:03

Bedriuweterrein De Marne by Boalsert moat it moaiste bedriuweterrein fan Fryslân wurde. Dat seit wethâlder Maarten Offinga fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Freed is útein set mei it projekt 'De Marne in het groen'. Doel is om safolle mooglik grien oan te plantsjen op en om it terrein, sadat it iepen lânskip en it bedriuweterrein yn mekoar oer geane. It projekt is opset troch de provinsje. Om foar provinsjale subsydzje yn oanmerking te kommen, moat it plan droegen wurde troch ûndernimmers, omwenners, de gemeente en miljeugroepen.

Dit is it gefal by De Marne en twa oare Fryske bedriuweterreinen en dêrom krije se jild út de provinsjale pot foar 'Bedrijfsterreinen in het landschap'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)