Nij multyfunksjoneel sintrum Peazens-Moddergat iepene

05 jun 2015 - 16:11

De nije multyfunksjonele akkommodaasje yn Peazens-Moddergat is freed iepene troch wethâlder Pytsje de Graaf. It sintrum is mei mooglik makke troch jild fan de NAM. Dy organisaasje hat der 15.000 euro ynstutsen. De provinsje en de gemeente Dongeradiel hawwe ek meiholpen mei subsydzjes. Ek binne der yn de doarpen aksjes op tou set om jild te sammeljen.

In stichting yn Peazens-Moddergat is al sûnt 2012 dwaande west mei de multyfunksjonele akkommodaasje. Ferienings yn beide doarpen kinne gebrûk meitsje fan de multyfunksjonele akkommodaasje.

Trefwurden: 
NAM MFS Peazens-Moddergat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)