Boargemaster Crone jout wer opdracht om hûs te sluten

05 jun 2015 - 15:15

Boargemaster Crone fan Ljouwert hat opdracht jûn om in hûs oan de Sweelinckstrjitte yn de stêd te sluten. De plysje hie dêr harddrugs foar de hannel fûn. Fierder hie de plysje ek meardere meldingen oer oerlêst krigen. It hûs bliuwt no earst in healjier ticht. It gebeurt de lêste tiid wol faker dat de gemeente huzen slút fanwege drugshannel en oerlêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)