St. Gysbert Japicx wint 'Fear yn de Broek'

05 jun 2015 - 14:31

De stifting Gysbert Japicx hat de 'Fear yn de Broek' fan de Ried fan de Fryske Beweging wûn. De stifting, bekend fan it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert, krijt de fear omdat se it Frysk in soad brûkt yn de kommunikaasje nei bûten ta. Ek yn it museum wurdt oanjûn dat it Frysk wolkom is. Dat slút goed oan by it stribjen fan de Ried fan de Fryske Beweging om de sichtberens fan it Frysk yn it deistich libben te befoarderjen.

De priis wurdt op 10 juny útrikt yn it Japicxhûs.

Earder waard de Fear ûnder oaren útrikt oan it berne-iepenloftspul fan Easterwierrum, politikus Arno Brok en oan Aaipop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)